BURO DE VRIES: “Om my falt it kabinet om bernepardon"

17 sep 2016 - 20:00
  • Chris van Beek fan Easterlittens

PvdA-er Chris van Beek fan Easterlittens fynt dat it bernepardon sa'n wichtich polityk agindapunt is, dat it kabinet dêroer falle mei. In grutte mearderheid fan de PvdA-achterban fynt dat de wet oer it bernepardon net doocht. Der soe in ferromming komme moatte, sadat folle mear bern yn de beneaming komme foar dat pardon. No hawwe mar twa of trije bern dêr gebrûk fan meitsje kinnen yn de trije jier dat de wet der is.

Chris van Beek set him sûnt febrewaris yn foar in ferromming, tegearre mei Esther van Dijken út Grinslân.

Chris van Beek set him sûnt febrewaris yn foar in ferromming fan it bernepardon, tegearre mei Esther van Dijken út Grinslân. Op it PvdA-kongres en op de lederied die bliken dat de twa noardlike PvdA-ers in protte stipe krije fan de oare leden. Mar de partijtop yn Den Haag docht dêr oant no ta neat mei. Van Beek tinkt dat Samsom en konsorten bang binne foar in kabinetskrisis.

Yn it radioprogramma Buro de Vries praat Van Beek oer it bernepardon en oer syn opstappen út it gewestlike bestjoer fan de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)