WOB-fersyk GrienLinks Eaststellingwerf oer soarchjild

© ANP
Grien Links yn Eaststellingwerf hat in WOB-fersyk by boargenaster en wethâlders yntsjinne. Dat giet oer it brûken fan foarsjennings dy't ûntstien binne nei oanlieding fan ferskowings yn ûnder oare de soarch. Sûnt 2015 binne in soad taken oergien fan it ryk nei de gemeenten. GrienLinks wol witte hoefolle minsken yn de gemeente oft gebrûk meitsje fan PGB-jild of kliïntstipe.
Fraksjefoarsitter Gerda Koopman fynt dat de gemeenteried in byld krije moat fan it brûken fan de ferskate foarsjennings. Se seit dat boargemaster en wethâlders it ôfrûne jier mear as ien kear dy fraach krigen hawwe. Oant no ta binne se dêr net op yngien, sadwaande it WOB-fersyk.