Garyp krijt grutste sinnepark fan Nederlân

17 sep 2016 - 13:52

Garyp krijt it grutste sinnepark fan Nederlân. Op it âlde stoart komme 27.000 panielen, in ynvestearring fan hast 10 miljoen. De ûntwikkelingen geane lykwols fluch. Yn Emmen komt ynkoarten in park fan sa'n 100.000 panielen en dan is Garyp net mear de grutste.

Garyp is bliid mei it park, benammen om't it yn koöperatyf ferbân opset is. Se ferwachtsje ek net dat der yn koöperatyf ferbân gau sa'n grut park yn Nederlân bykomme sil.

Pilot

It park sil oan it iepenbiere net fan Eneco leverje. It enerzjybedriuw wol it projekt yn Garyp brûke as pilot om miskien letter faker soksoarte projekten op te setten. It is de bedoeling dat ein desimber proefdraaid wurde kin, wêrnei't fan 1 jannewaris ôf de stroom it iepenbiere net op kin.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)