Opfang De Fûgelhelling kin oanrin fan fûgels net oan

17 sep 2016 - 12:54

In drok foarjier en in drokke simmer soargje foar problemen by fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp. Troch de grutte oanrin fan fûgels yn de ôfrûne moannen binne de meiwurkers fan de opfang folslein útteld. Sawol de opfang yn Bitgum as yn Feinsum binne foarearst eefkes ticht. It tuskenopfangstasjon yn Ljouwert nimt de taken tydlik fan harren oer. Ferwûne fûgels kinne noch wol hieltyd rjochtstreeks nei De Fûgelhelling brocht wurde.

Tekoart oan personiel

Njonken de drokte hat de fûgelopfang ek noch in behoarlike list oan fakatueres dy't noch iepenstean. Sa wurdt der noch socht nei in edukatyf meiwurker, in administrative krêft, in húshâldlike help en in nije foarsitter fan it stichtingsbestjoer.

De Fûgelhelling is in ynstelling dêr't alle jierren mear as 6.000 fûgels opfongen wurde. Der wurkje op it stuit ûngefear fyftich frijwilligers.

Trefwurden: 
De Fûgelhelling Oerterp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)