Skiermûntseach en Engie prate wer oer gasboarrings

17 sep 2016 - 12:36

Enerzjybedriuw Engie krijt mooglik in rol by it griener meitsjen fan Skiermûntseach. It bedriuw hat dêr ynkoarten in petear oer mei it kolleezje fan b. en w. fan it eilân. Dat is ien fan de útkomsten fan it twadde petear dat de direksje fan Engie dizze wike hie mei de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog.

Engie hat in fergunning foar proefboarrings nei gas foar de kust fan Skier yn de hjerst fan 2017 en 2018. De wurkgroep is hjir fûl op tsjin. Thom Verheul, fertsjintwurdiger fan de wurkgroep, achtet de kâns grut dat de boarrings der nea komme.

In beslút hjiroer is lykwols noch net naam. Op 28 novimber stiet in tredde petear mei Engie op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)