Parkearproblemen by Agraryske Dagen yn Frjentsjer

17 sep 2016 - 12:12
  • Der moasten auto's fuortsleept wurde

In lytse ferkearsgaos by de Agraryske Dagen yn Frjentsjer. Benammen it finen fan in parkearplak is op it stuit dreech yn de stêd. Ien fan de gruttere parkearterreinen, dy by de supermerken Albert Heijn en Lidl, is foar in part ôfset fanwegen in tentoanstelling fan grut materieel.

Bergingbedriuw CL International út Harns is ynskeakele om ferkeard parkearre auto's fuort te heljen. Oant no ta moasten de ynstânsjes trije kear yn aksje komme, bygelyks om de wei frij te hâlden foar eventuele helptsjinsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)