Rob Maas: "Kansen gaan er vanzelf een keer in"
Trainer Rob Maas bliuwt nettsjinsteande it 3-0 ferlies fan SC Cambuur tsjin Fortuna Sittard fan freedtejûn posityf oer it spul fan syn ploech. Neffens Maas wurdt der oanfallend spile, wurkje de spilers hurd én wurde der foldwaande kânsen kreëarre. It probleem leit yn it ôfrûnjen. De kânsen moatte der yn en dan sil Cambuur wol wer wedstriden winne, sa tinkt Maas. Hy hat dêr alle fertrouwen yn: "Als je de wedstrijden ontleedt, dan zie je dat Cambuur vijf, zes, zeven kansen krijgt. Die gaan er vanzelf een keer in."
"Geen reden voor paniek"
Foar oanfierder Erik Bakker komt de nederlaach tsjin Fortuna hurd oan. "Na de goede wedstrijd van vorige week, een mooie overwinning, is dit wel een domper", seit Bakker. Cambuur sakket troch it ferlies fierder fuort yn it klassemint en dêr baalt Bakker fan.
Dochs lit er him net út it fjild slaan troch it resultaat fan freedtejûn. "Als we met 4-1 winnen, dan zeggen we dat we moeten blijven doen wat we doen. Nu verliezen we met 3-0, en dat is hartstikke zuur, maar we moeten gewoon doorgaan. We kunnen wel zielig gaan doen, maar we moeten doorgaan. Er is geen reden voor paniek", sa seit Bakker.
Debút Gino Bosz
Ferdigener Gino Bosz makke syn debút foar Cambuur. Hy stie fan de earste minút ôf op it fjild. Hy hie him syn debút lykwols hiel oars foarsteld. "Je hoopt dat je wint als je eindelijk een keer speelt. Maar dat is niet gebeurt", seit in teloarstelde Bosz.
Tiisdei spilet SC Cambuur yn de beker tsjin Rijnvogels. De trainer en spilers hoopje it goede gefoel werom te krijen troch te winnen fan Rijnvogels.