LTO: 200 Fryske melkfeeboeren hâlde kommend jier op

Sa'n tsien persint fan de melkfeeboeren sille kommend jier it bedriuw te keap sette. It giet yn Fryslân dan om sa'n 200 boeren. Dat is de skatting fan lânbou-organisaasje LTO.
Under oare troch de lege molkpriis kinne se de holle net mear boppe wetter hâlde. LTO ferwachtet dat lanlik sa'n 1800 boeren der mei op hâlde yn 2017. Ek de grutte ynvestearringen dy't guon boeren de ôfrûne jierren dien hawwe, kinne fan ynfloed wêze sa seit Wiebren van Stralen fan LTO.
Stiging falt ta
De 200 boeren dy't no ophâlde is in grut oantal, sa seit Van Stralen, mar dochs falt it yn de gruttere kontekst noch wol wat ta: "Ast sjochst nei de ôfrûne tsien oant fyftjin jier, dan holden ek alle jierren in goeie fiif persint fan de boeren op. De ôfrûne pear jier, mei de goeie molkpriis en mei de ûnwissigens oer regels, binne der minder bedriuwen stoppe. Dy hawwe ôfwachte hoe't it komme soe, en dy binne as it ware opsparre en as dy no ekstra ophâlde dan sitte je gau op in persint as tsien."
It binne benammen de bedriuwen dy't gjin opfolger hawwe, of dy't lytser bleaun binne, dy't op dit stuit ophâlde, sa sjocht Van Stralen: "(Sy) kinne minder goed meigean yn alle oanpassingen yn regels en de skommelingen yn de molkpriis."