Kollum: "Autobrân"

17 sep 2016 - 09:22

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Woansdeitemiddei stie in auto yn ‘e brân. Logysk, want de temperatueren wiene abnormaal. Dan sykje jo om skaad. En je meie gjin kâld pilske drinke, want jo binne yn de auto. Op in gegeven stuit betinke je dat alles om jo wol yn de hens fleane mei. En hupsakee, in auto folget jo befellen tsjintwurdich automatysk. Der wie in lytse swierrichheid. De auto stie yn de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert. Tsja. Blykber stie de auto net al te fier fan in skoarstien ôf. Ik ha foar it oare nea witten dat der skoarstiens yn in parkeargaraazje sitte, mar de reden dêrfan is no wol dúdlik: as der in auto yn 'e parkeargaraazje yn 'e brân stiet, kin de smoarge reek fan de útbaarnende auto yn ien kear moai nei bûten, want oars begjinne dy oare auto’s te hoastjen.

De foto... ja dat moat ik earst útlizze. Alles wat der bart yn 'e wrâld wurdt tsjinwurdich op de foto set. Jo telefoan wurdt net test oft er wol belje kin, nee hoe moai kin er foto’s meitsje. Plysjes, brânwachtmanlju, ambulânseminsken binne de meast op de foto setten lju, want by alle rampen binne der talleaze telefonearders dy't alles op de foto sette. As der eartiids immen troch it iis dondere dan seinen we: we moatte him helpe. Dat dogge we net mear, der moat earst in foto naam wurde. Ja bliuwe noch efkes ûnder it iis, moaier foar de foto...

Dy foto... dy liet sjen dat der in grutte reekwolk út it Saailân omheech kaam. De foto wie sels sa moai dat je sjen koenen dat it in echte tsjokke reekwolk wie. Harrejassus.

De parkeargaraazje ûnder it Saailân is fan de gemeente Ljouwert. Teminsten, dy krijt alle jild dat wy dêr yn it gleufke stopje. De gemeente is dus ek ferantwurdlik foar dy reekwolk. Nee, de eigener fan de auto net. Yn dit gefal in sy, hie dy auto yn de parkeargaraazje set. Krekt like goed as dat se dêr dan soargje moatte dat dy auto net stellen wurdt, binne se dus ek ferantwurdlik foar it al of net yn 'e brân fleanen fan dy auto.

De minsken dy’t de reekplom fotografearren moasten hoastje. En de lju dy’t har eigen auto hastich by de brânende auto wei helje woenen, ek. Se waarden allegearre oppakt en nei it sikehûs transportearre. Letter blykte dat soks ûnder it eigen risiko foel, dus dy minsken kleie no de ferantwurdlike, en dat is de gemeente Ljouwert, oan. Der is sels foar de minsken dy’t lêst hiene fan de reek en dus slachtoffers neamd waarden, in belangegroep oprjochte. Dêryn kinne se net inkeld harren ferhaal kwyt oer de ramp, mar dêrtroch waard it juridyske gedoch betelle. Dat moat, want abbekaten binne tige djoere lju. Der waard in crowdfundingaksje hâlden en doe wie de groep 'yn 'e brân-út 'e brân' oprjochte.

Dy groep wint nei twa jier dat juridyske gedoch, ek al om't de hiele mienskip fia de sosjale media efter dizze groep stean giet. Dy groep giet dêrnei ek troch, want se ha in groepsapp en dêr moat je dochs wat mei dwaan. De gemeente Ljouwert sil dan troch dizze groep twongen wurde om de skoarstiens yn de parkeargaraazje oan it Saailân, en dêrnei fan alle oare parkeargaraazjes ek, te foarsjen fan in feilich miljeuskjinmaksysteem. Sadat de reek fan eventuele baarnende auto’s net mear skealik wêze kin foar mei telefoan omrinnende rampefotografearders. Dat winne se ek. Der skynt no al by de Twadde Keamer in mearderheid foar te wêzen. Harry van der Molen sit dêr dan ek yn en dy kin sizze yn de diskusjes dat hy de situaasje dêr persoanlik wol kin. En syn CDA komt aanst ek noch yn de regearing, dus dit giet hielendal troch. Sterker, de Twadde Keamer makket der in wet fan, sadat alle parkeargaraazjes yn Nederlân foarsjoen wurde moatte fan miljeuskoarstiens. Earst ien fan seis meter, en nei noch in kear hoastjen, in skoarstien dy’t heger is as dy fan de REC.

De REC. De Harnser ôffalûne. Sjoch, it mei bêst dat Retze van der Honing fan GrienLinks fynt dat dy ôffalûne yn Harns ticht moatte soe omdat der neffens him in trochgeand probleem is. Gjin probleem. Mar miskien soe hy dochs earst efkes nei dit ferhaaltsje heare moatte."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)