Hynstefigen moatte yn pûde op Skiermûntseach

17 sep 2016 - 08:49
  • (fotofoarbyld)

Mei hynder en wein it eilân oer, it is in moai alternatyf foar minsken dy't Skiermûntseach safolle mooglik frij fan auto's hâlde wolle. Mar dy hynders skite wol op strjitte. En omdat minsken dat net opkrije, wol it gemeentebestjoer no in poepopfangpûde ferplichtsje. Dat meldt RTV Noord.

Jan Hartog rydt toeristen op it eilân om mei kapweinen, en hy fynt de ferplichting mar neat. "Het komt er op neer dat ik allemaal nieuw tuigmateriaal moet aanschaffen want die zakken passen niet aan het spul dat ik nu gebruik", seit er tsjin RTV Noord.

Oerlêst

Neffens wethâlder Ger Heeringa is it probleem net oerdreaun grut, mar de oerlêst dy't der is komt neffens him benammen troch de kapweinferhierder. De nije ferplichting sil lykwols wol foar elkenien jilde. En dêr binne net alle minsken mei in hynder bliid mei.

"Knettergek"

De famylje Visser bygelyks hat sûnt koart in shetlander. Mei in karke. "We hebben er wel zo'n zak bij gekregen toen we dit setje kochten maar als we gaan rijden nemen we gewoon een emmertje mee om de vijgen op te ruimen. Vroeger was het alleen maar paardenpoep in het dorp. Iedereen die iets voor zijn huis zag liggen, pakte de bezem even en schoof het onder de heg. Ik snap niet waar we ons zo druk over maken." In ferplichte poeppûde, dat fynt Marijon Visser neat: "Je wordt toch knettergek van zulke onzinnige regels!"

Nije wike beslút de gemeenteried oft de poepopfangpûde echt ferplichte wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)