"Caparis hat dizze moanne nije ried fan kommissarissen"

17 sep 2016 - 08:26
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat as it goed is foar ein dizze moanne in nije ried fan kommissarissen. De hjoeddeistige ried stapt op nei tal fan problemen op bestjoerlik mêd. Dat wie fan 't simmer al bekend. Neffens wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert binne der yn alle gefallen al twa goeie kandidaten fan út de GR, de mienskiplike regeling fan de acht Caparisgemeenten. De nije ried fan kommissarissen moat ek noch twa kandidaten leverje.

Pieter de Kroon

De kandidaat fan de ûndernimmingsried, Pieter de Kroon fan Wynjewâld, is neffens Ekhart foar Ljouwert no ek in akseptabele kandidaat. Earder waard de komst fan De Kroon tsjinhâlden troch de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan foarsitter Robert Veenstra.

Peter Lincklaen Arriëns en Ben Gerrits

Oft de tydlik direkteur Peter Lincklaen Arriëns langer bliuwt is noch net dúdlik. Neffens Ekhart moat de nije ried fan kommissarissen him dêr oer bûge. Ek moat de ûndernimmingsried hjir by belutsen wurde. Dat hat de rjochter bepaald. Ekhart seit dat dat ek barre sil. Linckaen Arriëns nimt waar foar direkteur Ben Gerrits dy't siik thús sit. Oft hy weromkomt wit Ekhart net.

Riedsgearkomste

Moandeitejûn is der in riedsgearkomste yn Ljouwert oer de situaasje by Caparis. Dêr sil ek praat wurde oer it oerheveljen fan in tal meiwurkers fan de Grienfoarsjenning fan Caparis nei de gemeente Ljouwert. Ljouwert wol 59 meiwurkers sels yn tsjinst nimme. Dat soe fan 1 jannewaris 2017 ôf barre moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)