Swimster Bruinsma wint twadde gouden medalje

© ANP
Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat freedtenacht goud wûn op de 200 meter wikselslach yn de S11 klasse by de Paralympyske Spelen yn Rio. It is al de fiifde medalje foar de 16-jierrige Bruinsma by dizze Paralympics. Se wûn earder al it goud op de 400 meter frij, sulver op de 100 meter skoalslach en brûns op de 50 en 100 meter frije slach.
Bruinsma tikke oan nei 2.49.87 en wie dêrmei royaal rapper as de Sweedske Maja Reichard (2.51.72) en Qing Xie út Sina (2.51.98).
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.