Sylster Sandra Nap noch hieltyd fêst op sânde plak yn Rio

16 sep 2016 - 23:36

It is paralympysk sylster Sandra Nap út Ljouwert freed yn Rio net slagge om heger te einigen yn it klassemint. Nei in sechsde plak yn de njoggende race en in achtste yn de tsiende stiet se noch hieltyd fêst op it sânde plak. Sneon sil Nap har lêste wedstriid fan dizze Paralympyske Spelen sile. Sandra Nap komt mei stjoerman Rolf Schrama út in de klasse Skud18, in sylboat foar twa persoanen.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)