Kemkers: Earedifyzjeklups kinne sportfjilden smookfrij krije

16 sep 2016 - 23:06
  • Húsdokter Hilly ter Veer en âld-reedrydcoach Gerard Kemkers

As earedivyzjeklups gearwurkje, kinne de fuotbalfjilden smookfrij wurde. Dat sei âld-reedrydcoach Gerard Kemkers freedtejûn yn Oerterp by de byienkomst 'Op weg naar een rookvrije generatie'. Alle sportfjilden soene smookfrij wêze moatte; trainers, lieders en âlders hawwe in foarbyldfunksje foar jonge sporters.

Njonken it learen fan in sport ha dy minsken by de sportferieningen ek de taak de bern te wizen op in sûne libbensstyl, fynt Kemkers. 

Proffuotballers binne de helden fan de fuotbaljeugd. As grutte klups har útsprekke as 'rookvrij', dan helpt dat om in sûne libbensomjouwing by de sportferieningen te kreëarjen, sa sei Kemkers. 'Ureterp rookvrij' is in inisjatyf fan húsdokter Hilly ter Veer fan Oerterp. Sy pleitet derfoar alle sportfjilden, boartersplakken en skoalpleinen smookfrij te meitsjen. De bern komme dan net yn oanrekking mei it smoken en wurde dan ek net beynfloede.

Abcoude

Dat soks net ûnmooglik is docht wol bliken yn Abcoude. Dêr slagge it gynekolooch/onkolooch Luc van Lonkhuijzen it terrein fan de fuotbal- en hockeyferiening smookfrij te krijen. Van Lonkhuijzen fûn it mar nuver dat der foar de poart smookt waard. By de algemiene ledefergadering wie elkenien it der gau oer iens en waard it terrein smookfrij. "Als iemand toch een sigaret opsteekt dan wordt hij of zij er direct op aangesproken. Het werkt." seit Van Lonkhuijzen.

Jong ferslave

Tweintichtûzen minsken ferstjerre jierliks yn Nederlân as gefolch fan it smoken. Njoggen fan de tsien minsken slagget it net om mei de gewoante op te hâlden, omdat it sa ferslaavjend is. De measte smokers binne begûn as puber, 13 jier is de meast kwetsbere leeftyd. Dat is ek de bêste leeftyd om te begjinnen mei foarljochting, sa docht bliken út ûndersyk. As folwoeksenen net smoke yn de buert fan bern, is de kâns lytser dat de bern letter ferslave reitsje, seit Ter Veer. 

Dream

Hilly ter Veer hat in dream: Dat yn Oerterp yn de takomst gjin bern mear in sigaret opstekt, omdat se nearne yn it doarp it ferkearde foarbyld krigen ha. En dat oer 30 of 40 jier net ien Oerterper mear smookt.

Net folle jongeren

Ferskate deskundigen wiene oanwêzich om de gefaren fan it smoken yn de buert fan bern ta te ljochtsjen. Verslavingszorg Noord-Nederland, gynekologen, de GGD, ferpleechkundigen fan de ôfdielingen kardiology en longsykten fan it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Der kamen sa'n hûndert belangstellenden op de jûn ôf, wêrûnder sportferieningen, fertsjintwurdigers fan de gemeente Opsterlân, Pleatslik belang Oerterp, skoallen en ûndernimmers. It oantal jongeren wie op ien hân te tellen. 

Rolmodel 

Gerard Kemkers fynt dat jongeren inoar ek fertelle moatte dat smoken net goed foar je is. Ek fynt hy dat rolmodellen har ferantwurdlikens nimme moatte. "Mijn boodschap voor een topsporter die rookt is simpel: Stop. Of die positie niet nemen. Ik heb in al die jaren wel gemerkt dat als je samen op weg bent met je missie om goud te winnen je echt een voorbeeld bent. Er gaan veel meer boodschappen van de ene naar de andere persoon dan alleen de prestatie. Dat besef moet goed doordringen bij de topsporters en trainers," sa seit Kemkers. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)