Dongeradiel stekt fjouwer ton yn duorsume strjitferljochting

Gemeente Dongeradiel ynvestearret fjouwer ton yn strjitferljochting. Der komme nije ledlampen te hingjen. Dat allegear yn it kader fan duorsumens.
Thús hawwe in hiel soad minsken de gloeilampe al ferfongen foar in ledlampe. Mar de gemeente Dongeradiel rint net achter tinkt wethâlder Albert van der Ploeg: "Miskien rinne alle gemeenten wol wat achter", seit hy. "Mar wy rinne aanst moai foar want wy hawwe alles yn led. En der binne in hiel soad gemeenten dy hawwe dat noch net."
Tsjusterste gemeente
Der is hast gjin plak te finen yn it lân dêr't it sa tsjuster is as yn 'e noardeasthoeke fan ús provinsje. En dat sil mei de nije lampen net feroarje. Sterker noch it wurdt sels noch tsjusterder. Dat komt omdat de lampen mear nei ûnderen skine, op de dyk. En dat soarget foar minder ljochtfersmoarging. Boppedat giet de dimmer jûns nei healwei alven derop. Dêr wurdt neffens de gemeente de feiligens net minder om.