Treinen falle út troch wurk oan spoar Ljouwert-Grins

It sintraal stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tusken Ljouwert en Grins wurdt dit wykein oan it spoar wurke en dêrom ride der sneon en snein gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins. Tusken Bûtenpost en Ljouwert ride allinne stoptreinen. Wa't nei Grins wol, moat mei de bus fierder. Al mei al kin de reis dêrtroch in healoere langer duorje.