Ferheging wetterpeil Lauwersmar foarearst fan 'e baan

16 sep 2016 - 22:17
  • Lauwersmar

De tydlike ferheging fan it wetterpeil fan it Lauwersmar giet foarearst net troch. Dat meldt RTV Noord. It wetterskip Noorderzijlvest wegeret de oanfraach foar in wetterfergunning yn behanneling te nimmen.

'Voorlopig werken we niet mee', seit dykgraaf Bert Middel fan it wetterskip. 'Het is een experiment van de provincie. Maar het verhogen van het waterpeil neemt risico's met zich mee voor boeren en burgers in de wijde omgeving.'

Earder makken boeren al beswier tsjin de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)