Amazône Rixt van der Horst pakt sulver yn Rio

16 sep 2016 - 21:44

Amazône Rixt van der Horst fan Grou hat freedtejûn in sulveren medalje wûn yn Rio mei har kuer op muzyk. De 24-jierrige Van der Horst en har hynder Caraat waarden mei 76.250 twadde yn de yndividuele wedstriid. De Britse Natasha Baker pakte it goud en it brûns gong nei Steffen Zeibig út Dútslân.

It is de tredde medalje foar Van der Horst by de Paralympyske Spelen yn Rio. Tongersdei pakte se twa brûnzen plakken, ien by de yndividuele dressuerproef en in oar mei it lanneteam.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)