Spannende mominten foar fideosjoernalist Rispens by protest

16 sep 2016 - 21:27

Spannende mominten freedtejûn foar fideosjoernalist Jaring Rispens fan It Hearrenfean. Hy makke opnames by it azc yn Burgum doe't er tsjinholden waard troch in groep asylsikers. "Foardat ik it wist, sieten se op de auto."

"It wie in enoarme groep. ik hie wol fyftich man om de auto hinne. Se woene wite wat ik dêr die. Se tochten dat har meibewenner ferstoarn wie." Dy man wie earder op de dei ferwûne nei it MCL brocht. Hy soe fan de trep fallen wêze, mar naaide út neidat er yn it sikehûs oankaam wie. Letter op de middei waard er weromfûn.

Bylden

Rispens hie bylden makke fan hoe't de man letter wer troch in ambulânse ophelle waard. "Pas neidat ik bylden op de iPad sjen litten hie, lieten se my gean. It wie wol even spannend foar my," sei Jaring Rispens. Hy is freelance fideosjoernalist en makket bylden foar ûnder oare Omrop Fryslân.

Protest

De asylsikers wiene earder op de dei ek al lilk. Se protestearren by it gemeentehûs omdat de man dy't ferwûne rekke wie, it lân útsetten wurde soe. By in demonstraasje by it gemeentehûs seine de bewenners dat der alle wiken wol plysje komt om minsken út te setten. Boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel is mei de asylsikers yn petear gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)