Paralympyske fuotballers gripe neist brûns tsjin Brazilië

16 sep 2016 - 20:37

Teddy Witjes en Stefan Boersma binne der net yn slagge om freedtejûn mei it Nederlânske Paralympyske CP-fuotbalteam in brûnzen medalje te pakken. Brazilië wie mei 3-1 te sterk foar de Nederlanners. It iennichste doelpunt foar Oranje waard yn de 54e minút makke troch Jeroen Schuitert.

Man fan de wedstriid foar de Brazilianen wie Leandro Goncalves do Amaral. Hy makke alletrije de doelpunten foar de thúsploech.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)