Wrakstikken delsketten Poalsk fleantúch oan lân brocht

16 sep 2016 - 19:43
  • In wrakstik fan de delsketten Vickers Wellington

De wrakstikken fan de Vickers Wellington foar de Fryske Iselmarkust binne freedtemiddei oan lân brocht. De berging fan it fleantúchwrak krijt moandeitemiddei in bysûnder ferfolch. De iennige Avro Lancaster bommewerper fan Europa komt dan trije kear leech oerfleanen as earbetoan oan de ferstoarne Poalske bemanning fan it fleantúch.

Bern, mar ek oare belangstellenden kinne dan ek in part fan de wrakstikken besjen op rekreaasjeterrein De Hege Gerzen by Aldemardum.

De Vickers Wellington waard yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 boppe de Iselmar delsketten troch de Dútsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)