Bou fan 41 nije senioarewenten yn Heech úteinset

16 sep 2016 - 18:53

De bou fan 41 apparteminten foar âlderen yn Heech is los. Frou Smit, mei hûndert jier de âldste bewenner, hat freed symboalysk de gaskraan tichtdraaid. Dit om't it nije kompleks enerzjy-neutraal wurdt en dus gjin gasoansluting nedich hat. Boppedat sil de stroom mei sinnepanielen opwekke wurde.

Boubedriuw Van Wijnen bout de apparteminten yn opdracht fan Elkien dy't se ferhiert. De soarch wurdt ferliend troch soarchorganisaasje Patyna. As it waar mei sit, kin it nije kompleks ein april 2017 klear wêze.

Trefwurden: 
senioarewenten bou Heech
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)