UPDATE: Ravaazje trekker oprêden, N359 by De Lemmer wer frij

De N359 by De Lemmer is wer frijjûn. De dyk wie sletten fanwegen in ûngelok mei in trekker en in oanhingwein. Dizze kamen freed oan it begjin fan de jûn troch noch ûnbekende oarsaak bryk efterinoar te stean. It ûngelok feroarsake in grutte ravaazje en der ûntstie in flinke file. De trekker en de oanhingwein binne fuortsleept en de dyk is skjinmakke, mar dat duorre langer as tocht.
It ûngelok barde flakby de brêge oer de Sylroede en dêrtroch koe de brêge net iepen. De skipfeart hie hjir lêst fan.