Man nimt softdrugs mei nei besykoere yn finzenis

De finzenis yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Onno Falkena
In 28-jierrige man dy't op besite wie yn de finzenis yn Ljouwert hat besocht om fjouwer boltsjes softdrugs te jaan oan in man dy't er opsocht. It finzenispersoniel krige dat troch en dus mislearre de smokkel.
De finzene, dy't al twa boltsjes softdrugs krigen hie, is werombrocht nei de sel. De man dy't op besite wie, mei de earstkommende trije moannen net wer yn de finzenis komme.