82-jierrige Dokkumer sit net mear yn de sel

16 sep 2016 - 17:25

De 82-jierrige Dokkumer dy't fertocht wurdt fan moard op in stedsgenoat fan 80 jier âld, sit sûnt freedtemoarn net mear yn de sel. Yn novimber wurdt er opnaam yn it Pieter Baan Sintrum foar ûndersyk. Pas as dat dien is, sil de saak ynhâldlik foar de rjochter komme. Dat sil nei alle gedachten pas it kommend foarjier wêze, lit de rjochtbank witte.

De rjochter hat om humanitêre redenen besletten om de man no earst frij te litten. Neffens de Ljouwerter Krante sadat de man wer op besite kin by syn demintearjende frou. En de rjochter soe ek rekken hâlde ha mei de hege leeftyd fan de man, en mei de kâns dat saak pas takom jier ynhâldlik foar de rjochter komt.

De Dokkumer ried yn maart fan dit jier syn stedsgenoat fan de fyts. Dy oerlibbe de klap net. De fertochte naaide earste út, mar melde him letter sels op it plysjeburo. De beide manlju hiene al mear as 35 jier in konflikt mei-inoar, yn dy tiid soe de fertochte syn slachtoffer geregeld bedrige ha.

Trefwurden: 
Dokkum moard oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)