Opknapt sintrum moat soargje foar mear drokte op De Jouwer

16 sep 2016 - 17:12

It sintrum fan De Jouwer is de ôfrûne moannen foar goed 2,6 miljoen euro opknapt. Sa binne der tsientallen ekstra parkearplakken by kaam en is de bestrjitting oanpakt. De feroaringen moatte der foar soargje dat it wer drok wurdt yn de winkels fan de Flecke.

It measte nije publyk wurdt ferwachte troch de ferheging en ferbreding fan de Tolhúsbrêge. Dy feroaringen moatte der foar soargje dat ek de boatsjeminsken it sintrum fine kinne. Ek binne der mear oanlisplakken foar boaten kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)