Alyda Norbruis net yn 'e prizen by har lêste race yn Rio

16 sep 2016 - 16:31

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp is freed op de Paralympyske Spelen yn Rio net yn 'e prizen fallen. Yn de wedstriid op 'e dyk C1-2-3 waard se fyfde. Se ried de race oer hast 50 kilometer yn in tiid fan 1.30.35. Norbruis finishe dêrmei 21 sekonden letter as de winneres Jamie Whitmore út de Feriene Steaten. De Sinese Sini Zeng pakte it sulver en it brûns wie foar Denise Schindler út Dútslân.

Norbruis wie earder al suksesfol mei twa kear goud en ien kear brûns, mar slagge der yn har lêste wedstriid dus net yn de Paralympyske Spelen ôf te sluten mei noch in medalje.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)