Liesette Bruinsma nei finale op 200 meter wikselslach

© ANP
Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat har yn Rio de Janeiro pleatst foar de finale fan de 200 meter wikselslach. Op de Paralympyske Spelen swom se mei in tiid fan 2.54,70 nei it earste plak. Bruinsma swimt yn de nacht fan freed op sneon de finale.
De 16-jierrige swimster wûn al fjouwer medaljes op 'e Spelen. Se pakte ien kear goud, ien kear sulver en twa brûnzen medaljes.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.