In smookfrij MCL: ferstannich of in stap te fier?

16 sep 2016 - 16:20

Oer oardel jier is it sikehûs MCL yn Ljouwert folslein smookfrij. Der binne dan gjin smookromtes mear en ek bûten it sikehûs mei der net mear smookt wurde. It MCL wol sa it goede foarbyld jaan yn 'e striid tsjin it smoken. Mar wat fine de smokers dêrfan? En mei hokker idee is it inisjatyf opset?

Hiltje de Graaf fan it MCL is de inisjator fan it projekt. Se fertelt dat der bewust foar keazen is de feroarings yn lytse stapkes yn te fieren. ''De rookruimten in het ziekenhuis zullen vanaf 1 oktober gesloten worden. Dat is mooi, maar voor het andere gedeelte is meer tijd nodig om te wennen aan de veranderingen.''

Alternativen

Mar hoe komt it dan mei de minsken dy't eltse dei harren sigaretsje smoke en dêr net sûnder kinne? Dêrfoar binne neffens De Graaf genôch alternative oplossings. ''Als er mensen in het ziekenhuis zijn en die hebben echt behoefte aan nicotine, dan kunnen ze iets anders krijgen, een nicotinepleister bijvoorbeeld.''

Stres

Der binne in soad minsken dy't net bliid binne mei it idee fan it MCL. ''Ik vind het niet leuk dat het roken wordt verbannen, straks mogen we helemaal niets meer. Ik heb gewoon mijn ontspanning nodig, om stress te voorkomen. Ze moeten dat niet gaan verbieden.''

Gjin goede kombinaasje

It plan fan it sikehûs kin ek rekkenje op begryp. ''Ik snap dat het voor fanatieke rokers een hele verandering is'', sa fertelt in omstanner. ''Maar ik vind het prima dat het wordt aangepakt, roken en gezondheid horen niet bij elkaar.''

Foarbyld

Inisjatyfnimmer Hiltje de Graaf seit dat de kar om te smoken noch hieltyd by de minsken sels leit. ''Ik vind dat mensen het zelf moeten weten. Ik neem ze de keuze om te roken niet af, maar wil wel dat ze het goede voorbeeld geven aan mensen die niet roken.'' It sikehûs sil der dan ek op tasjen dat de nije regels neilibbe wurde. Op hokker wize it MCL dat krekt dwaan sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
MCL Ljouwert smoke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)