Omrop Fryslân stjoert wedstriden SC Cambuur út op telefyzje

16 sep 2016 - 15:54
  • It fuotbalfjild van SC Cambuur

Omrop Fryslân hat de byldrjochten fan de gearfettingen fan de út- en thúswedstriden fan SC Cambuur ferkrigen. Dat betsjut dat tenei in dei nei de wedstriid de gearfetting yn Fryslân Hjoed te sjen is. De Omrop hat hjiroer oerienstimming berikt mei Veronica en FOX Sports. It giet allinnich om de byldrjochten fan de wedstriden dy’t SC Cambuur yn de Jupiler League spilet.

Sneon om 18.00 oere is de earste gearfetting te sjen, fan de wedstriid Fortuna Sittard-SC Cambuur. Fryslân Hjoed is jûns op alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is optein oer it akkoart dat Omrop Fryslân berikt hat. “Wy fine it wichtich dat wy bylden sjen litte kinne fan de wichtichste sporteveneminten yn ús provinsje. En dêr heart de Jupiler League wis by.” Neist dat de bylden fan SC Cambuur no yn Fryslân Hjoed te sjen binne giet de live ferslachjouwing op radio gewoan troch. Ek de wedstriden dy’t SC Hearrenfean spilet wurde noch hieltyd live op de radio folge.

SC Cambuur bliid

De direksje fan SC Cambuur is bliid mei dizze ûntwikkeling. Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur fynt it wichtich dat in regionale klup op dizze wize de bining mei de eigen efterbân fersterkje kin. “Wij zijn hier ontzettend blij mee. Vooral voor de regionale en lokale bedrijven die zich aan onze club verbonden hebben is het mooi dat ze op de regionale televisie exposure krijgen. En natuurlijk voor de supporters is het belangrijk dat er veel aandacht is voor hun favoriete club."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)