Lieuwe Westra docht net mei oan de Eneco Tour

16 sep 2016 - 15:24
  • Lieuwe Westra (argyfoto)

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje docht sa goed as wis net mei oan de Eneco Tour. Westra is sa't er sels seit "noch gjin 50 persint''. Hy is wol reserve foar de Astana-ploech.

Westra hat dizze wike twa koersen fytst yn Italië. Yn oktober giet er trije moannen nei it Spaanske Calpe om te trainen om dan takom jier hielendal werom te kommen nei syn dip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)