Finansjele stipe fan Kultuerfûns foar Fryske projekten

16 sep 2016 - 15:16

It Kultuerfûns Fryslân stipet 21 kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje mei in finansjele bydrage fan goed 30.000 euro. Sa krijt Kunstkade in bedrach fan 5.000 euro foar it projekt Adje Lambetsz, wêrby't alle basisskoallearlingen yn Ljouwert de kâns krije mei in eigen sirkusfoarstelling mei te dwaan oan LWD 2018.

Stichting Opera Spanga ûntfangt in bydrage fan 2.500 euro foar de opera La Triviata. It jild wurdt beskikber steld út in fûns Louwe Kooijmans Van der Sluijs. It fûns stipet klassike-muzykprojekten en teaterproduksjes yn Fryslân. Ek de Stichting Open Nederlandse Harmonie Kampioenschappen kin rekkenje op 2.500 euro foar de earste edysje fan dat kampioenskip yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)