UPDATE: Utnaaide ferwûne man wer oantroffen yn Ljouwert

© CAMJOmedia
De asylsiker dy't freedtemiddei útnaaid is út sikehûs MCL yn Ljouwert is wer fûn, yn de binnenstêd. Hy hat út de tiid west en wie bot yn de war. De man is nei in GGZ-ynstelling brocht. Hy wie freedtemoarn ferwûne opnaam yn it sikehûs, neidat er fan de trep fallen wie. Dat barde doe't er ophelle wurde soe om útset te wurden.
De man is útprosedearre en moat werom nei Afganistan.