"Ik fyn it in raar idee dat der yn my snien wurdt"

16 sep 2016 - 14:00
  • Website donorregistraasje

"Ik fyn it in raar idee dat der yn my snien wurdt, dêrom wol ik gjin orgaandonor wurde." It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de nije donorwet. Wa't neat docht, wurdt tenei automatysk orgaandonor, alteast dat is de strekking fan de nije wet.

Oare opmerkings wiene dat it "in oantaasting is fan de frijheid as minsk" en dat "it leauwen yn God de beslissing ek dreech makket: God jout en nimt ommers it libben."

Mar neffens in soad oaren is it krekt posityf: "In soad minsken wolle bêst mar dan komt it der net fan om dat te melden." De nije wet kaam fan 'e wike ferrassend troch de Twadde Keamer, de Earste Keamer moat him der noch oer útsprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)