Turnkampioen Epke Zonderland stapt yn it houliksboatsje

16 sep 2016 - 13:17

Turner Epke Zonderland is freed op It Hearrenfean troud mei Linda Steen. De Olympysk kampioen moete syn grutte leafde yn 2010, it stel wennet yntusken fjouwer jier byelkoar. It troude stel hat al in hûs kocht op It Hearrenfean.

De 28-jierrige Steen wurket as koördinator ûndernimmen by SC Hearrenfean. Zonderland frege syn freondinne oardel jier al ta houlik op fakânsje yn Marrakech. Kommende wykein wurdt der in grut feest hâlden, dêrnei gean Epke en Linda op houliksreis nei Afrika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)