Stroomsteuring yn de omjouwing fan Wâldsein

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn de omkriten fan Wâldsein is sûnt tweintich foar tolven in stroomsteuring. Yn Wâldsein, Yndyk en Ypekolsgea leit de stroom derút. Om hoefolle oanslutings it giet is net dúdlik. By leveransier Liander binne sa'n tweintich meldings binnen kaam.
De oarsaak fan de steuring is noch net bekend. De ferwachting by Liander is dat de stroom der binnen twa oeren wer op sit.