MCL yn Ljouwert is oer oardel jier folslein smookfrij

16 sep 2016 - 11:06

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert mei oer oardel jier hielendal net mear smookt wurde. It sikehûs wol sa it goeie foarbyld jaan yn de striid tsjin it smoken. Oer in pear wiken giet de smookromte yn it sikehûs ticht. Dan meie pasjinten, besikers en personiel allinne noch bûten smoke.

Fan 1 jannewaris ôf meie meiwurkers ek net mear bûtendoar smoke. En fan 1 jannewaris 2018 ôf mei net ien mear bûten smoke, op it terrein fan it MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)