Mishanneler treinsteward krijt reisferbod nei misledigings

16 sep 2016 - 10:37

De 21-jierrige man út de gemeente Smellingerlân dy't woansdei oanhâlden waard foar it mishanneljen fan in treinsteward, hat in reisferbod krigen fan Arriva foar trije moannen. De man siet tongersdeitejûn op it treinstasjon fan Ljouwert en begûn te skellen en te razen doe't er de plysje seach. Dêrop krige er it reisferbod oplein.

Woansdeitejûn hie de man yn de trein fan Grins nei Ljouwert in steward by de kiel pakt. De steward dielde boetes út oan passazjiers dy't gjin kaartsje hiene. De 21-jierrige man gie doe folslein troch it lint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)