Bewenners azc yn Burgum hâlde protestaksje by it gemeentehûs

16 sep 2016 - 10:34

In groep bewenners fan it azc yn Burgum protestearret freed by it gemeentehûs. De bewenners binne poerrazend dat der alle wiken plysje komt om minsken út te setten. De asylsikers wolle hjir graach bliuwe

De druppel wie freedtemoarn, doe't de plysje in man útsette soe. Hy foel fan de trep en rekke ferwûne. Hy makket it nei omstannichheden reedlik, meldt de plysje. Mar de azc-bewenners fine dat it sa net langer kin.

Boargemaster Wilma Mansveld gong dêr yn petear mei de lilke groep azc-ers.

Soad stress

Benammen de bern dy't protestearje binne lilk. En fertrietlik. Ien fan harren begjint te gûlen as er oer de sitewaasje praat. "Wij willen hier zo graag blijven. Hier zijn we gelukkig", fertelt in oar.

De bern hawwe in soad stress, sizze se. "We weten nooit wanneer de politie komt om mensen uit te zetten. We gaan naar school, maar kunnen ons niet concentreren."

"Heftige ochtend"

Foar boargemaster Mansveld wie it in "heftige ochtend". "Dit raakt me heel diep", seit se. Benammen de bern dy't benaud binne, reitsje harren. "Het zijn uitgeprocedeerde mensen die al veel hebben meegemaakt. En dan komt het incident van vanochtend er nog bij. Dat gaat ze niet in de koude kleren zitten. We moeten er in ieder geval voor zorgen dat ze de juiste begeleiding krijgen om dit te verwerken.

Mansveld hat freedtemiddei noch in petear mei it COA dêroer. Mar fierder kin se net folle foar de minsken dwaan seit se. "Het gaat hier om mensen die al uitgeprocedeerd zijn. Ik kan wel zorgen dat hun verblijf hier zo aangenaam mogelijk is en een luisterend oor bieden." Dat lêste die se freed by it gemeentehûs dan ek.

Trefwurden: 
AZC Burgum protest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)