Tagonklikheid en promoasje fan Nasjonale Parken moat better

De Alde Feanen © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Steatssekretaris Van Dam fan Ekonomyske Saken lûkt 1,5 miljoen euro ekstra út om de kwaliteit en tagonklikens fan natuergebieten yn Nederlân te ferbetterjen en om de Nasjonale Parken better te promoatsjen. Oant 2018 is der no mei elkoar 4 miljoen beskikber foar it fersterkjen fan de Nederlânske natuergebieten en -lânskippen.
In part fan it jild wurdt brûkt foar de winners fan de publyksferkiezing fan it moaiste natuergebiet fan Nederlân. Dy wurdt holden fan 10 oant 31 oktober.
Stimming
De steatssekretaris ferheget it bedrach foar de trije moaiste natuergebieten fan 100.000 nei 300.000 euro. Op 10 oktober wurde de nominaasjes bekend makke. Oant 31 oktober kin der dan stimd wurde.
Fryslân telt fjouwer Nasjonale Parken: it Drents-Friese Wold, Skiermûntseach, Lauwersmar en Alde Feanen. Dêrneist binne der twa Nasjonale Lânskippen: Súdwest Fryslân en De Noardlike Fryske Wâlden.