FNP Achtkarspelen: 'Soargen oer takomst lokale omroppen'

Jacob de Vries fan RTV NOF © Marten Kloetstra
De fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen makket him soargen oer de takomst fan de lokale omroppen. De Stichting NLPO, Nederlandse Lokale Publieke Omroepen, wol it tal lokale omroppen flink werom bringe en fusearje litte ta streekomroppen. Dat soe betsjutte dat RTVNOF, Kanaal 30, Omroep LEO, Smelne FM, Radio Stad Harlingen, Radio Eenhoorn en Radio Middelsee fusearje moatte.
De FNP yn Achtkarspelen seit dat dat dramatyske gefolgen hat foar Kanaal 30 en RTV NOF, wat de eigen kultuer en mienskip oanbelanget. De partij wol fan it kolleezje witte hoe't it liket mei de plannen fan beide omroppen om mei elkoar te fusearjen om sa foar te kommen dat se opgean yn in noch grutter gehiel. De FNP wol ek witte oft en hoe't de gemeente dizze plannen iepenlik stypje kin en wol.