Frysktalige kûmbuorden foar buorskippen yn Achtkarspelen
Tsien buorskippen yn Achtkarspelen krije Frysktalige kûmbuorden. No stean se noch twatalich op 'e buorden, yn 2021 moatte dy allegearre ientalich Frysk wêze. De gemeenteried hat hjir tongersdeitejûn mei ynstimd. It giet om Lytsepost, De Lêste Stuver, Bouwekleaster, Hamsherne, De Koaten, Opperkoaten, Ophûs, Surhuzumer Mieden, Koartwâld en Kûkherne.
Yn 1958 krigen de earste trije buorskippen fan Achtkarspelen al de Fryske nammejouwing. Dat wiene doe Reaskuorre, Blauforlaet en Reahel.