Kollum: ''De Ofslútdyk''

16 sep 2016 - 09:02

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

''De Ofslútdyk. Hast 85 jier âld, mar noch altyd fitaal. Ynkoarten begjinne se mei in grutte ferbouwing fan de dyk. Mar… dat soe yn 2003 al, mar it begjint no… of no ja, de oanbesteging. Om krekt te wêzen, it tarieden fan de oanbesteging. Rykswettersteat hat in filmke makke, harkje mar… Rykswettersteat: "In ons land ligt een icoon." Wacht, ik scroll efkes fierder. It is mar in koart filmke. Rykswettersteat: "Ooit gebouwd om de zee buiten te sluiten." Nee, dit bedoel ik ek net, efkes sjen … Rykswettersteat: "Bouwen we in de dijk het grootste gemaal van Europa." Yn twa en in heale minút, dat is in protte ynformaasje yn koarte tiid fansels. Rykswettersteat: "De toekomst start hier." Wacht. No ha ik it al út. Wêr sit no dy ynformaasje? Rykswettersteat: "Vanaf 2017, met het bouwen van de nieuwe Afsluitdijk."

Okay, lit mar sitte. Frjemd filmke. Hinderet neat, der is genôch te rêden mei de Ofslútdyk…Omrop Fryslân Nijs: "Sa komt der in lang lint dat ljocht jout, oer de folsleine lingte. Ek komme der draakjes dy’t enerzjy opwekke moatte. En de monumintale slûzen reflektearje de koplampen fan de auto’s." Daan Roosegaarde makket yn of oare ljochtstripe. De tech-keunstner set syn futuristyske hantekening op de âlde man. Daan Roosegaarde: "Puur natuur, poëtisch, spraakmakend. En dit is iets dat we mid 2017 gaan maken."

Ach, wat moat dy dyk ûndertusken allegearre net. Earst wie it gewoan de see tsjin hâlde, en twa kear per dei de Iselmar wat leech rinne litte. Mar no! Ik ha de webside fan de ferbouwing efkes besjoen. Kinst de folgjende dokuminten downloade: it Masterplan Beeldkwaliteit Afsluitdijk, de Samenwerkingsovereenkomst energie, Samenwerkingsovereenkomst fietspad Fryslân, Samenwerkingsovereenkomst Noord-Hollands deel, en de Samenwerkingsovereenkomst vismigratierivier.

Dan de advizen fan alve kwaliteitsteams, oer it Startdocument planuitwerking Afsluitdijk, VMB DNA en Beslisnotitie, Kornwerderzand, Borging ruimtelijke kwaliteit in de aanbesteding, borging van en ambities voor ruimtelijke kwaliteit in fase 3, Vismigratierivier, Ontwerponderzoek studio Roosegaarde, Projectbeslissing Afsluitdijk, Vervolgopgave studio Roosegaarde, Brede Sluis Kornwerderzand, en de Energieneutrale afsluitdijk. Och heden. En dat op 85-jierrige leeftiid. Trouwens. De dyk wie altyd reedlik enerzjyneutraal. Dat wol sizze, as it leech tij wie, dan streamde de mar gewoan leech. No moatte der pompen yn, sa skriuwt Rykswettersteat. Ik freegje my al ôf wat we hawwe oan in pear sinnepanielen, as allinnich de regelapparatuer foar de pompen al in yn gebouw fan 600 kante meter komme moat… 

Fragmint: "De proefinstallatie op de Afsluitdijk is een proefinstallatie waar we energie winnen uit zoet en zout water. En dat wereldwijd voor het eerst in praktijkcondities." In tredde slûs, 3D-geprinte dijkbekleding, duurzaam beleef-centrum, in compleet nij eilân … Is it miskien net wat ambisjeus? Is dat wêrom we nei trettjin jier pas begjinne mei de tariedingen foar de oanbesteging? Mei in symboalysk glinsterjend basaltblokje, en in romantysk-nostalgysk filmke…

De Ofslútdyk moat moderniseare, dat kin ik begripe. De seespegel stiigt troch de opwaarming fan de ierde, en dat hat konsekwinsjes foar sa’n âlde dyk. It monumint is bygelyks sels al in monumint. Mar lit die tritich kilometer mei basalt, klaai en asfalt yn de kern al in bytsje bliuwe wat der is: beskerming tsjin stoarmen en in paad om mei 130 kilometer per oere nei hûs te riden.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)