Lippenhuzen fiert dit wykein it 700-jierrich bestean

Lippenhuzen fiert dit wykein it 700-jierrich bestean. Underdiel fan de festiviteiten is it blommekorso. Dit wurdt foar it earst sûnt 44 jier wer hâlden.
It feest begjint mei it blommekorso mei de bern fan de basisskoalle. Sy fersiere harren fytsen, skelters en autopetten en gean yn optocht nei it feestterrein. Sneon en snein binne de grutte korsoweinen oan bar, sy sille yn de middei in tocht troch it doarp meitsje.
In oar hichtepunt fan it wykein is de reüny dy't sneon plakfynt. De organisaasje ferwachtet in opkomst fan sa'n 550 (âld-)ynwenners.