Guod njonken hûs fljocht yn de brân; mooglik brânstichting

© Srfotografie
Oan de Zwaluwstaart yn Drachten hat yn de nacht fan tongersdei op freed in brantsje west. It fjoer ûntstie om trije oere hinne. Bûten by in wenning stiene in bankstel, matras en wat oar guod yn 'e brân.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei it hûs. Brânstichting wurdt net útsletten.