Auto skept fytser op krusing yn Feankleaster

16 sep 2016 - 08:36

By Feankleaster is freedtemoarn om sân oere hinne in fytser ferwûne rekke. Dy waard op de splitsing fan de Kleasterwei mei de Keningswei skept troch in automobilist. Ambulânsepersoniel hat de fytser ûndersocht. Omdat de ferwûnings tafoelen, hoegde it slachtoffer net nei it sikehûs.

De automobilist kaam mei de skrik frij. De auto en de fyts rekken flink skansearre. De oarsaak fan de oanriding is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)