Proef mei bûtendykse ikkerbou is goed slagge

16 sep 2016 - 08:25

It is hiel goed mooglik om gewaaksen te ferbouwen op sâltige ikkers. It giet dan net allinnich om kwelderkrûd, seekraal, mar ek om gewoane gewaaksen as beantsjes. Dat konkludearret ûndersiker Mans Schepers fan de Ryksuniversiteit Grins.

Hy hat yn maart bûtendyks by Peazens-Moddergat in ikker oanlein foar de ferbou fan hynstebeantsjes en koarn. Benammen de risping fan de beantsjes wie boppe ferwachting. It koarn waard opfretten troch kij.

Doel fan ûndersiker Schepers wie om út te finen hoe't de eardere bewenners fan it terpelânskip yn Fryslân dêr grienten ferbouden. Schepers seit dat de kwelders genôch foardielen hawwe. Troch it sâlt komme der bygelyks gjin slakken foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)