Froulju hawwe tenei in eigen bibel

16 sep 2016 - 08:16

Utjouwerij Jongbloed op It Hearrenfean presintearre tongersdeitejûn in bysûndere bibel: in frouljusbibel. It earste eksimplaar wie foar de haadredakteur fan it kristlike frouljustydskrift 'Eva'. Yn de bibel steane njonken de bibelteksten spesjale katernen mei ekstra ynformaasje.

"Bijvoorbeeld met biografiën van de vrouwen uit de bijbel", fertelt direkteur Anne Westerduin fan Jongbloed. Dit moat de lêzers helpe de Bibelske persoanen better te begripen.

"Onze belevingswereld is tegenwoordig zo anders. Wij wilden deze twee werelden wat dichter bij elkaar brengen", seit Westerduin.

Ek in manljusbibel

Op oare plakken fan de wrâld besteane bibels spesjaal foar froulju al folle langer. Boppedat is der neffens Westerduin ek behoefte oan dizze bibel. In team fan mear as santich froulju hat meiwurke oan de teksten. En Jongbloed is noch net klear. Sa komt der oer goed in healjier ek in manljusbibel út.

En Westerduin tinkt ek alwer nei oer oare doelgroepen. "Denk bijvoorbeeld aan autisten. Die hebben heel veel moeite met bijbelteksten omdat ze de symboliek er vaak niet uithalen. Dat zou ook nog een goede doelgroep zijn om een aparte bijbel voor te maken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)