Fentilator yn ôffaloven Harns falt út troch steuring

16 sep 2016 - 06:44

Yn in grutte fentilator by de ôffaloven REC yn Harns, hat tongersdeitejûn in steuring west fan sa'n trije kertier. It wie in oare steuring as ôfrûne sneon. Ditkear wie der sprake fan in softwaresteuring dy't te fergelykjen is mei it fêstrinnen fan in kompjûter, meldt de gemeente Harns.

Dizze steuring soarge net foar it útfallen fan it doekefilter. Ek is der gjin reek frijkaam. Guon emisjewearden wiene tydlik wol heger. Dy wurde analysearre. De REC hat binnen in kertier melding dien fan de steuring by de Fumo.

Undersyk

De ôffaloven draait yntusken wer normaal. Der wurdt ûndersyk dien nei de softwaresteuring. Dit wykein wie der in steuring by de REC, wêrby't der te folle koalstofmonokside yn de lucht kaam. De provinsje hat REC-eigener Omrin dêrfoar in boete jûn fan 45.000 euro. Nei oanlieding fan dizze nije steuring sil de provinsje besjen oft der opnij aksje ûndernommen wurdt tsjin Omrin.

Spitich

Wethâlder Harry Boon fan Harns fynt it spitich dat der wer in steuring is. Boppedat neamt hy it strontferfelend dat troch dit soarte storings it positive nijs dat der no in útwreide pakket oan maatregels útfierd wurdt om ien en oar te ferbetterjen, ûndersnijd. De ôffaloven leit ûnder in hiel grut fergrutglês, konstatearret de wethâlder.

Trefwurden: 
ôffaloven REC Harns steuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)