Rixt van der Horst hellet ek brûns yn lannewedstriid yn Rio

16 sep 2016 - 06:22

Amazône Rixt van der Horst fan Grou hat har twadde brûnzen medalje binnen. Tongersdei waard se by de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro al tredde op de yndividuele dressuerproef. Tongersdeitenacht die bliken dat Van der Horst ek mei it lanneteam it tredde plak helle hat.

It wie in moai kadootsje foar de Grouster, want eins stie se op reserve foar de teamwedstriid. Mar om't flak foar de Spelen it hynder fan teamgenoat Estée Gerritsen fysike problemen krige, luts sy har werom. En sa kaam Van der Horst yn it dressuerteam fan Rio.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)